UPDATE: Fjouwer flatbewenners ha permanint nije wenromte fûn

29 des 2015 - 16:29
  • It hiele gebou moat plak meitsje foar nijbou

Fjouwer bewenners fan de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten ha in permaninte nije wenromte fûn. Dat seit direkteur Rein Swart fan wenningbouferiening Accolade. Se kinne harren guod noch net út de flat helje, der is noch hieltyd sprake fan ynstoartingsgefaar.

Bewenners oan de foarkant fan de flat kinne nei alle gedachten op âldjiersdei har hûs wer yn om guod op te heljen. Dat kin allinne ûnder begelieding, in oerke, om de belangrykste saken der út te heljen. Oan de achterkant fan de flat kin dat noch net. 

Permaninte húsfêsting

It ûndersyk nei de boukundige steat fan de apparteminten dy't noch oerein steane, duorret nei ferwachting in pear dagen. ​Wenningkorporaasje Accolade besiket wilens alle bewenners fan de flat safolle as mooglik permaninte húsfêsting oan te bieden. As dat net slagget, soarget de stichting foar tydlike húsfêsting.

Te gefaarlik

It is foar de plysje op dit stuit te gefaarlik om ûndersyk te dwaan yn it ynstoarten diel fan de flat. Moarn soe dat ûndersyk wol wer mooglik wêze. De oarsaak fan de eksploazje is noch net bekend.

Eksploazje

Ofrûne snein wie der in eksploazje yn ien fan de apparteminten yn de flat, wêrnei't in diel fan it gebou ynstoarte. Dêrby rekke ien persoan ferwûne, en 45 minsken waarden dakleas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)