Mannen oanhâlden yn Haulerwyk foar stellerij

29 des 2015 - 15:49

De plysje hat it ôfrûne wykein trije manlju oanhâlden foar in ynbraak yn in kafee yn Haulerwyk. It giet om twa mannen fan 24 en ien man fan 36 jier, alle trije út Ljouwert. Se soene jild stellen ha út it kafee.

Koart nei de ynbraak binne de mannen oanhâlden. Yn de kofferbak fan de auto lei in protte muntjild. De plysje hat de mannen ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)