Reedrydster Kleibeuker wer Nederlânsk kampioen op 5000 meter

29 des 2015 - 14:40

Reedrydster Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean hat tiisdeitemiddei op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Thialf har titel op de 5000 meter prolongearre. Se hie as iennichste in tiid fan krekt ûnder de sân minuten: 6.58.88. Twad waard Irene Schouten mei 7.03.71. Beide froulju ride foar Team Clafis, fan coach Jillert Anema. 

Mei dizze útslach ha se beide in startbewiis fertsjinne foar it WK ôfstannen yn it Russyske Kolomna, heal febrewaris.

Foar Kleibeuker is it 16 jier lyn dat se by it WK ôfstannen wie. It is har tredde titel op de fiif kilometer. Yn 2006 waard se al ris earste, en foarich jier ek. 

Antionette de Jong fan Rottum waard fjirde yn 7.07.55. Yvonne Nauta fan Twellingea waard teloarstellend njoggende, mei in tiid fan 7.15.02. Twa jier lyn wûn se noch. Reina Anema fan De Gordyk waard knap achtste, mei in persoanlike rekôr fan 7.12.32.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)