Folkshegeskoalle Schylgeralân krijt subsydzje fan provinsje

29 des 2015 - 11:22

De Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge krijt in subsydzje fan 37.000 euro fan de provinsje. De stipe is foar nije kulturele en sosjale inisjativen. De skoalle rjochtet him de kommende jierren op fernijing en mear gearwurking mei kulturele ynstellingen en bewenners fan it eilân. 

Schylgeralân wol alderhande aktiviteiten en eveneminten hâlde, mei bygelyks omtinken foar de skiednis fan de bunkers út de Twadde Wrâldoarloch. De nije koers is in opstapke nei it 70-jierrich bestean fan de skoalle yn 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)