Biblioteken Noard-Fryslân liene langer en boetefrij út

29 des 2015 - 11:03
  • Boeken biblioteek

De fjirtjin Biblioteken Noard-Fryslân binne fan 1 jannewaris takom jier boetefrij. De organisaasje is dêrmei de earste yn Fryslân. Ek wurdt de termyn wêryn't minsken in boek liene kinne, ferlinge fan trije nei fjouwer wiken. Mei de maatregels wolle de biblioteken klantfreonliker wurde en de drompel om in boek te lienen fuort nimme.

De leden krije yn jannewaris mear útlis oer de nije koers fan de biblioteken. Noard-Fryslân hat fjirtjin fêstigings tusken Harns en Kollum en op de Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)