Plysje nimt Ljouwerter en syn telefyzje mei nei lûdsoerlêst

29 des 2015 - 10:30
  • Oanhâlding

In 18-jierrige Ljouwerter is moandeitenacht syn televyzfje kwytrekke nei't hy it apparaat fierstente lûd oan stean hie. De jonge soarge al langer foar in soad lûdsoerlêst yn it gebou oan de Sickingastate. Hy hie al meardere boeten en warskôgingen hân. Dêrom naam de plysje dizze kear de telefyzje yn beslach. 

De jonge wie it der net mei iens en begûn de plysjes te misledigjen. Hy raasde sa hurd dat de bewenners fan de hiele galerij fan de flat nei bûten kamen. Om't er net ophâlde woe mei razen, is hy oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Neffens de plysje is hy mei syn telefyzje oerbrocht nei it sellekompleks yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)