Margot Boer wint 500 meter, Janine Smit pakt it sulver

28 des 2015 - 18:08

Margot Boer hat foar de fiifde kear yn har karriêre de 500 meter wûn op it NK ôfstannen. De ynwenster fan Goaiïngaryp ried 38.60, goed foar it earste plak en 38.66, goed foar it twadde plak. Janine Smit fan It Hearrenfean klom mei de winst (38.52) yn de twadde omloop ek nei it twadde plak yn de einstân. Op de earste 500 meter waard se fiifde yn 39.08. Marrit Leenstra pakte it brûns mei in tredde en fjirde plak.

Margot Boer, Janine Smit en de al pleatste Jorien ter Mors ride mids febrewaris de 500 meter op it WK ôfstannen yn Kolomna.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)