Sven Kramer rekket titel op 'e 1500 meter kwyt oan Nuis

28 des 2015 - 17:28

Sven Kramer is op it NK ôfstannen yn Thialf syn titel op de 1500 meter kwytrekke. Hy einige op in achtste plak, mei in tiid fan 1.48.45. Kjeld Nuis is de nije titelhâlder, hy ried de 1500 meter yn 1.45.53. It sulver wie foar Thomas Krol mei 1.46.20, Stefan Groothuis waard tredde yn 1.46.88.

Krekt as Jorrit Bergsma en Jan Blokhuijsen is Kramer wol wis fan in startbewiis foar it EK allround yn Minsk. Omdat Jorrit net yn Minsk ride sil nimt Douwe de Vries syn plak yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)