Wüst pakt tredde Nederlânske titel op rige op 'e 3000 meter

28 des 2015 - 16:06
  • Ireen Wüst

Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat moandei op it iis fan Thialf har Nederlanske titel op 'e 3000 meter prolongearre. De 29-jierrige reedrydster fan it Justlease.nl-team wûn op de twadde dei fan it NK ôfstannen mei in tiid fan 4.04.13. Teamgenoate Antoinette de Jong fan Rottum waard twadde mei 4.04.97. Jorien Voorhuis pakte mei in tiid fan 4.07.63 it lêste poadiumplak.

EK allround

Troch dizze útslach binne Wüst en De Jong ek wis fan in startbewiis foar it EK allround yn Minsk, en meie se de 3 kilometer ride op it WK ôfstannen yn Kolomna. Marije Joling fan Assen is de tredde rydster dy't itselde dwaan sil.

Tredde titel op rige

It is foar Wüst de tredde Nederlanske titel op rige op 'e 3000 meter, yn totaal wûn se mar leafst seis kear. Snein behelle de reedrydster noch in sulveren medalje op 'e 1500 meter en moast se de winst litte oan Olympysk kampioene Jorien ter Mors.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)