Twadde dei fan it NK ôfstannen op Thialf

28 des 2015 - 12:27

Op de twadde dei fan it NK ôfstannen op Thialf wurde moandei foar de froulju de 500 meter en de 3000 meter ferriden, foar de manlju stiet de 1500 meter op it programma. Op de 3 km stean ûnder oare de Friezinnen Reina Anema, Antoinette de Jong, Yvonne Nauta en Marrit Leenstra oan de start. Marrit rydt ek noch de 500 meter, dêr komme ek Margot Boer, Janine Smit, Mayon Kuipers, Bente van den Berge, Anice Das, Letitia de Jong en Moniek Klijnstra oan de start.

Op de 1500 meter foar manlju nimme Sven Kramer en Douwe de Vries it yn de lêste rit tsjin elkoar op. Yn de tredde rit ride Jorrit Bergsma en Sjoerd de Vries tsjin elkoar. Arjan Stroetinga start yn de sechsde rit tsjin Peter Groen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)