Behearder Swimfun De Jouwer driget gemeente mei de rjochter

28 des 2015 - 11:45

Behearder Braaksma fan swimbad Swimfun fan De Jouwer driget de gemeente De Fryske Marren mei in rjochtsaak as net gau alle gebreken yn it nije swimbad oanpakt wurde. Hy fynt dat it fierstente lang duorret foardat alle bouflaters yn it nije gebou oanpakt wurde.

Neffens Braaksma binne der noch sa'n 250 ôfwurkpunten. Grutste probleem binne de lekkaazjes op ferskate plakken. De gemeente woe net reagearje op de klachten fan Braaksma.

It nije swimbad gie yn febrewaris iepen en hat al 200.000 besikers oer de flier hân, rekkene wie op 150.000. Dêrmei wie 2015 al in topjier.

Trefwurden: 
rjochtsaak Swimfun swimbad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)