Molkfabriken komme om yn de molke

28 des 2015 - 11:12
  • Melke

Suvelbedriuw FrieslandCampina komt om yn de molke. It bedriuw betellet syn melkfeehâlders dêrom in ekstra fergoeding as se likefolle of minder molke oanleverje. Neffens it bedriuw is der dit jier 600 miljoen kilo mear molke oanlevere en kinne de fabriken mear molke net oan.

Sûnt novimber wurdt der folle mear molke oanlevere, wêrtroch de fabriken op folle toeren draaie. Neffens it bedriuw is der de lêste jierren in soad ynvestearre yn de ferwurkingskapasiteit, mar wurdt dy kapasiteit al folslein ynsetten.

Fan 1 jannewaris ôf oant heal febrewaris krije boeren in ekstra fergoeding fan 2 euro per 100 kilo molke as se likefolle of minder molke leverje. De fergoeding is net bedoeld foar biologyske boeren.

Boere-organisaasje LTO fynt de maatregel begryplik. De pyk oan molke is folle heger as earder tocht waard. It is in dúdlik sinjaal dat der tydlik minder molke oanfierd wurde moat. Neffens bestjoerslid Dirk Bruins fan de fakgroep melkfeehâlderij yn Fryslân kinne boeren op koarte termyn bygelyks de kij minder krachtfoer jaan. Dan jouwe se minder molke. Der ûnstiet dan in win-win situaasje. Der wurdt besparre op foer en de molke leveret mear op. Ek kinne se beslute om kij dy't al langer net safolle molke mear jouwe, fuort te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)