Parsekonferinsje oer flat Drachten live by Omrop Fryslân

28 des 2015 - 10:29

De gemeente Smellingerlân en wenningkorporaasje Accolade jouwe moandei om 11.00 oere in parsekonferinsje oer de lêste stân fan saken oer de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. De parsekonferinsje is live by Omrop Fryslân te folgjen op televyzje en fia ynternet.

Om 14.00 oere is der in besletten gearkomste foar de bewenners fan de flat. Dy kinne foarearst net nei hûs. De brânwacht hat in part fan it gebou ûnbewenber ferklearre. De gemeente Smellingerlân en wenningboukorposraasje Accolade sykje no nei alternative wenromte.

Dy wenromte is nedich foar in langere perioade. De oarsaak fan de eksploazje wurdt ûndersocht, mar dat kin wol eefkes duorje, ek yn ferbân mei de grutte skea dy't ûntstie nei de swiere eksploazje en brân fan sneintejûn yn it appartemintekompleks oan de Nachtegaalstrjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)