Kollum: "De hel fan 2016"

28 des 2015 - 08:59
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Grutte panyk ôfrûne sneontejûn yn de Hollânske húskeamers. Op twadde krystdei siet blykber hiel Nederlân klokslach healwei njoggenen foar de telefyzje om gesellich mei de famylje de bioskoophit fan Steven de Jong te sjen. No’t de winter fan 2015 it wat ôfwitte lit, is it dochs moai om ús massaal yn dy legindaryske Tocht der Tochten ûnder te dompeljen. Krije wy dochs noch in bytsje in wintergefoel.

De film hat alles yn him wat in goeie Alvestêdetocht nedich hat. Sintimeters tsjok swart iis, stoere Fryske reedriders en fansels ús prachtige Fryske taal. ‘Huh, Fries?’ Ik sjoch dy ferbjustere gesichten al foar my yn Amsterdam. ‘Wat krijge we nou dan? Ik versta er niets van!’ Ek yn Brabân waard de plaid wyld fan bank smiten en kaam de ôfstânsbetsjinning foar it ljocht. “Zijde gij nouw van de pot gerukt!”

Wat bliek no? De NPO wie ferjitten om de ûndertiteling oan te setten. Dus al dy Hollanners rekken it spoar folslein bjuster by dy inkelde Fryske sêne dy’t yn de film sit. It duorre mar efkes of De Hel van ’63 wie trending topic op Twitter. Lilke tweets waarden ôfwiksele mei grappige kommentaren. It soarge der tagelyk wol foar dat de rest fan twitterjend Nederlân nijsgjirrich efkes lâns de film zapte om te sjen wêr’t elkenien him sa drok om makke.

Earst tocht ik dan ek dat it om in tûke list fan Steven de Jong gong. Mar de filmmakker liet witte dat er sels noch belle hie mei de NPO om de ûndertiteling oan te setten. ‘It kin net’, skynt de technikus fan tsjinst roppen te hawwen, doe’t Steven belle. Sjoch, en doe wist ik genôch. Dit is gjin klearebare tafal, dit is geef fakwurk. Dit is it wurk fan it Frysk Ferset. Oftewol: de earste warskôging oan steatssekretaris Sander Dekker.

Sa’t jim fêst witte, sit Sander Dekker al it hiele jier mei syn fingerkes oan de ús publike omropbestel. Dêr hearre wy as Omrop Fryslân ek by. Stikem wol Sander neat leaver as dy stekker fan de Omrop der mei ien ferme oerkreet sa gau as mooglik útskuorre, sadat hjir yn Fryslân it byld op swart giet. Mar wy Friezen binne net samar ferslein. Sa’n beslút giet net sûnder it nedige ferset. Frysk Ferset. En ôfrûne sneontejûn ha wy Sander mei ús allen in foarpriuwke jûn fan wat him kommend jier te wachtsjen stiet.

Sûnder dat ik no ús strategy al folslein bleat jou, sil ik dochs in tipke fan de sluier opljochtsje. Wat Sander net wit is dat wy Friezen al jierren oan it ynfiltrearjen binne yn sawol de publike as de kommersjele omroppen. Tink bygelyks oan akteurs as Tim Douwsma, Ferry Doedens, Tjitske Reidinga en Peter Tuiman. Mar ek kabaretier Jan Jaap van der Wal, waarman Gerrit Hiemstra, Jeugdjournaal presintatrise Welmoed Sijtsma en fansels de grutste troef: ús eigen waarman Piet Paulusma.

Allegearre binne se yn it djipste geheim brieve yn de headquarters fan de Afûk foar dizze spesjale missy. Fansels kin ik dy net mei jim diele. Frysk steatsgeheim. Mar ik kin jim ien ding tasizze. As Sander takom jier definityf dy stekker der útskuort, dan heart de rest fan Nederlân allinnich noch mar Frysk op telefyzje. Fan NPO 1 oant SBS6. En sûnder ûndertiteling fansels.

De namme fan dizze missy? De Hel fan 2016.

Noflike moandei!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)