Brân yn twa-ûnder-ien-kap Kimswert soarget foar soad reek

28 des 2015 - 08:50

Yn in twa-ûnder-ien-kapwenning yn Kimswert hat yn de nacht fan snein op moandei brân west. Doe't de brânwacht oankaam wie der net ien mear yn it hûs. Der kaam in soad reek frij, dêrom moasten de bewenners fan beide huzen op in oar plak sliepe. Salvage hat harren derby holpen.

De brânwacht docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
wenningbrân Kimswert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)