Flat yn Drachten ynstoarten nei eksploazje

28 des 2015 - 07:18

De flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten is moandeitemoarn om fiif oere foar in part ynstoarten. De flat rekke sneintejûn swier skansearre troch in grutte eksploazje, dêrby rekke ien persoan ferwûne. Dy is mei brânwûnen nei it sikehûs fan Grins brocht.

By de eksploazje waarden de foar- en de achtergevel fuortblaasd en bruts der brân út. Oer de oarsaak fan de eskploazje is noch neat bekend. De oare flatbewenners binne opfongen yn in hotel of by famylje of freonen. De gemeente hat in ynformaasjenûmer iepene: 0512-581234.

Accolade, de eigener fan de flat, siket ferfangende wenromte foar de dupearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)