Reedrider Jesper Hospes tinkt oan ophâlden

27 des 2015 - 19:01

Jesper Hospes tinkt der oer nei om op te hâlden. De reedrider waard snein sânde op de 500 meter op it NK ôfstannen en dêrtroch is syn seizoen eins al dien. "It is sa frustrearend. Ik fielde my sa goed. En dan giet de earste race minder troch de mindere start fan Otterspeer en by de twadde wit ik net wat der mis gong."

Trochdat Hospes net op it poadium einige, hat hy him net pleatst foar de wrâldbekers en it WK. "It seizoen sit der op. Ik kin better sollisitearjen gean by kafee It Houtsje," sa sei de Feanster oer syn stamkroech.

Poadium

De 500 meter waard wûn troch Kai Verbij. Hy krige op it poadium selsskip fan Jan Smeekens en Ronald Mulder. Dizze trije riders sille nei it WK ôfstannen yn Kolomna.

Sjoerd de Vries fan Twellingea waard tolfde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)