Kuierders nimme ôfskied fan Westergoabrêge

27 des 2015 - 18:42
  • Ofskied fan de brêge by Deinum
  • Mear as 300 kuierders diene mei

Mear as trijehundert kuierders út Deinum en omjouwing hawwe sneintemiddei ôfskied nommen fan de Westergoabrêge by it doarp. De brêge wurdt moandei sloopt, no't de dyk net mear brûkt wurdt troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert.

De measte kuierders hawwe de brêge jierrenlang brûkt foar harren kuierrûte nei Ritsumasyl en werom. De lêste kuiertocht sette útein op de brêge. Dêrnei giene de kuierders troch Ritsumasyl hinne en einige de tocht yn It Holt yn Deinum.

Glühwein en snert

Underweis krigen de kuierders glühwein en snert. De lêste kuiertocht wie in idee fan Ingrid Stinstra fan Deinum. Ek It Holt, de gemeente Menameradiel en de provinsje stipen it inisjatyf. 

De Westergoabrêge en de N31 by Deinum waarden 32 jier lyn oanlein. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)