Auto oer de kop op de N369 by Droegeham

27 des 2015 - 16:44
  • De auto kaam op de kop yn de berm ta stilstân

Op de N369 by Droegeham is sneintemiddei in auto oer de kop slein. De auto kaam op de kop yn de berm ta stilstân. Der sieten twa minsken yn de wein, sy koene der sels út komme. Ambulânsepersoniel hat se ûndersocht.

De brânwachtkorpsen fan Bûtenpost en Droegeham waarden oproppen. Sy hoegden net yn aksje te kommen. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)