Bergsma sil net meidwaan oan it EK allround

27 des 2015 - 16:27

Jorrit Bergsma sil net meidwaan oan de EK allround yn Minsk op 9 en 10 jannewaris, mocht er him dêrfoar pleatse. De 29-jierrige reedrider út Aldeboarn wol yn dy perioade traine foar de WK ôfstannen, in moanne dêrnei. "Nee, it EK allround is gjin doel foar my. Foar my binne de WK ôfstannen yn Kolomna it wichtichst. Yn de tarieding op de WK sil ik in trainingsperioade ynlasse, yn stee fan it EK allround. Ik haw in hiel drok skema, dan moat je keuzes meitsje. Ik wol top wêze yn Kolomna."

WK allround

Bergsma wol al graach meidwaan oan de WK allround. "Foar de WK allround soe ik my wol graach kwalifisearje wolle."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)