Miniatueredei yn Frysk Lânboumuseum lûkt hûnderten besikers

27 des 2015 - 15:50

De Fryske miniatueredei yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld hat snein hûnderten besikers lutsen. De achtste edysje fan dizze beurs bestiet wer út stands mei alderlei miniatueren, lykas auto- en lânbouminiatueren, mar ek miniatuertreinen en lego.

De besikers kinne ek in besite bringe oan it Lânboumuseum sels, dêr't in soad ynformaasje te finen is oer it âlde lânbouferline fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)