Sven Kramer wint spektakelrit fan Jorrit Bergsma

27 des 2015 - 15:28
  • Sven Kramer

Sven Kramer is foar de achtste kear Nederlânsk kampioen op de 5 kilometer wurden. De rider fan It Hearrenfean wûn yn in streekrjocht duel fan Jorrit Bergsma, 6.11.34 om 6.13.19. Ek it tredde plak is foar in Fries. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard tredde yn 6.19.90.

Kramer pleatst him troch de winst foar de 5 kilometer op wrâldkampioenskippen ôfstannen yn Kolomna yn febrewaris. Jorrit Bergsma wie al fersekere fan dielname oan de 5 kilometer op dat WK. Ek Douwe de Vries hat troch syn tredde plak in startbewiis yn de wacht sleept.

Bob de Vries fan De Haule ried in tiid fan 6.21.12. Hy waard fiifde. Arjan Stroetinga fan Waskemar waard sânde yn 6.21.76.

De tiid fan Sven Kramer is de fiifde bêste tiid riden yn Thialf en is in nij kampioenskipsrekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)