Rekôrtal stimmen foar de Fryske Top 100

26 des 2015 - 17:33
  • It belpanel yn de waarme Fryske Top 100-studio

Der is dit jier in rekôroantal stimmen útbrocht foar de Fryske Top 100. Doe't de digitale stimbus sletten waard op twadde krystdei wiene der 7531 Fryske top fiifs registrearre. Dat betsjut dat der mei-inoar 37.500 stimmen op in Frysk nûmer útbrocht binne. Der komt noch in flink oantal stimmen by, dy't troch it belpanel op papier noteard binne.

It hege oantal stimmers hat ferskate oarsaken. Omrop Fryslân hat dit jier mei in spesjale aksjewike omtinken frege foar de Top 100. Fierder hawwe ek guon artysten sels aksjefierd.

Yn de top fan de list is it bysûnder spannend. Tusken de nûmers 1, 2 en 3 sitte mar hiel lytse ferskillen. Sûnt 2009 hat Gurbe Douwstra altyd heech yn de list stien, mei de Cliffs of Moher, mar dit jier binne der ferskate oare nûmers dy't mei him konkurrearje. Moandei wurdt de hiele list neirûn en offisjeel fêststeld. Op Aldjiersdei wurdt de hiele Fryske Top 100 útstjoerd op radio, televyzje en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)