Fiif tydlike piratestjoerders warber yn krystfakânsje

26 des 2015 - 16:13

Mei krysttiid en âld en nij binne dit jier yn Fryslân wer sa'n fiif tydlike radiostasjons yn de loft mei foaral piratemuzyk. Bygelyks yn Spangea, De Houtigehage, Drachten, Droegeham en Kollumersweach. Yn dit lêste doarp binne al sûnt 1999 de Vrije Piraten aktyf. Ek dit jier draaie se wer oant âldjiersdei seis oere.

By de studio oan de Foarwei is ek in spesjaal kafee ynrjochte, dat alle jûnen fol sit. Harkers kinne mei sms of WhatsApp fersykjes oanfreegje en dat rint betiden stoarm.

De frije piraten kinne tydlik útstjoere mei in spesjale evenemintefergunning fan it Agentschap Telecom. Dat jout tastimming om tydlik pleatslik út te stjoeren mei in beheind fermogen. Neffens ien fan de discjockeys, Peter Rauwerda, is de krêft fan de Vrije Piraten dat alle oanfrege praten echt draaid wurde. Foarhinne waard der yllegaal útstjoerd. De boeten dêrfoar binne lykwols sa bot ferhege dat de piraten dat net mear oandoare. "Dan mist wol in stikje sjarme", jout Peter Rauwerda ta. "Foarhinne sieten je dochs wol te wachtsjen oant der ris wat barde. Dat is net mear sa. Mar úteinlik giet it om de muzyk en om it radiomeitsjen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)