Snein lêste konsert foar digirint Harm van der Meer

26 des 2015 - 15:43

Dirigint Harm van der Meer fan Drylts hâldt nei 40 jier op mei it Lemster manljuskoar. De markante dirigint is 75 jier en troffen troch de sykte fan Parkinson. Snein 27 desimber jout hy mei it Lemster manljukoar yn de Martinitsjerke fan Koudum syn lêste konsert. Van der Meer giet earst noch wol troch mei manljuskoar Westerlauwers út Bûtenpost en in koar út Drylts.

Yn 2005 waard van der Meer al beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Yn Buro de Vries snein tusken 11 en 12 oere in portret fan Van der Meer.

Muzyk is in kwestje fan gefoel seit Van der Meer yn it portret dat Buro de Vries fan him makke. Dit radioportret wurdt sneontemoarn tusken 11.00 en 12.00 oere útstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)