Auto op de kop yn de sleat by Burdaard

26 des 2015 - 15:21

Op de Kolkhuzerwei by Burdaard is op twadde krystdei in auto op de kop yn de sleat njonken de dyk telâne kaam. De bestjoerster, in frou op jierren, is troch de helptsjinsten út de auto helle. Se is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele.

Hoe't de frou yn it wetter bedarje koe, is noch net bekend. De dyk wie tydlik ôfsletten foar al it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)