2015: in rûzich jier foar de Fryske natoer

26 des 2015 - 14:18
  • It Noarderleech

In simmerstoarm, in betiid earste ljipaai, in kâlde maitiid en in tige mylde novimber- en desimbermoanne: It wie in rûzich jier foar de natoer yn Fryslân. En dan waard der in dikke 600 kilometer by ús wei, yn Parys ek nochris in klimaatakkoart sletten dat der foar soargje moat dat alle noazen deselde kant op stean om ús ierde te beskermjen.

Timo Jepkema seach mei Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea op it Noarderleech. De hegere seespegel sil gefolgen ha foar de bûtendykse natuer, seit Jongsma.

De fûgels hiene it neffens Jongsma dreech yn 2015 fanwege de droege en kâlde maitiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)