2015 wie in 'achtbaan' foar de fans fan Cambuur

26 des 2015 - 12:10
  • Blydskip by de spilers fan SC Cambuur nei de oerwinning tsjin NEC

It is miskien noch wol it bêste te fergelykjen mei in rit yn in achtbaan. It jier 2015 foar Sportklup Cambuur. Fan in prima 12e plak oan de ein fan it foarige seizoen en in dramatyske earste seizoenshelte yn de hjerst. Gelokkich foar de fans en de klup wol in seizoenshelte dy't einige mei twa grutte oerwinnings.

It libben is net altyd maklik foar in Cambuur-supporter, mar de echte fans steane yn waar en wyn op de tribune foar harren klup. Kees Elzinga en Marijke Boomsma fan De Kern fan Cambuur hawwe likegoed betrouwen yn 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)