Rekôrtal dielnimmers oan krystkuier Bakkefean

26 des 2015 - 12:03
  • Dielnimmers oan de krystkuier fan Bakkefean

By de 40e edysje fan de krystkuier fan Bakkefean op twadde krystdei wurdt rekken hâlden mei twatûzen dielnimmers; in rekôr. De earste edysje wie yn 1976, sûnt dy tiid is it evenemint hieltyd grutter wurden. Komplisearjende faktor is wol dat it parkearterrein by de start, by swimbad Dúndelle, foar in part net beskikber is yn ferbân mei in werynrjochting. Dat soe minsken ôfskrikke kinne.

Der is lykwols genôch parkearromte, sa seit foarsitter Jeen Bouma fan de VVA yn Bakkefean. Neffens him binne de moaie rûtes it sterke punt fan de kuier.

Dy geane net allinnich troch de bosk, mar ek troch greiden dy't ornaris net tagonklik binne. Om 12.00 oere hinne lei it oantal dielnimmers om de 850 hinne. Mar starte kin yn de rin fan 'e middei ek noch. Foar de 10 en 15 kilometer moatte je der foar twa oere wêze, foar de fiif kilometer kin oant healwei trijen start wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)