De Rouwe: PvdA wie nei ferkiezings paad folslein bjuster

26 des 2015 - 10:43

De Fryske PvdA wie nei de grutte ferkiezingsnederlaach by de steateferkiezings it paad bjuster. Dêrom slagge it net om de partij yn de nije koälysje oan board te krijen. Dat konkludearret Sander de Rouwe, dy't doe de listûkker foar it CDA wie. Neffens De Rouwe hat it oprjocht it doel west om mei de sosjaal-demokraten troch te gean yn it Fryske kolleezje.

De Rouwe docht syn útspraken yn it radioprogramma Buro de Vries fan kommende snein. Twadde Keamerlid Jacques Monasch wie ynformateur wurden, as de PvdA de grutste wurden wie.

Jacques Monasch fynt it fierder benammen spitich dat de ferkieizingsnederlaach fan syn partij yn Fryslân like grut wie as yn de rest fan it lân. Sander de Rouwe en de Twadde Keamerleden Jacques Monasch en Aukje de Vries (VVD) sjogge snein wiidweidich werom op 2015 yn in bysûndere útstjoering fan it programma Buro de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)