Auto botst op oanhinger op A32 by Akkrum

25 des 2015 - 11:59

Op de A32 tusken Akkrum en Ljouwert kin it ferkear op earste krystdei lêst ha fan fertraging troch de gefolgen fan in ûngelok. Krekt nei alven kaam in auto yn botsing mei in auto mei oanhinger. De plysje en de ambulânse binne nei it plak fan it ûngelok gien, mar neffens de plysje binne der gjin minsken ferwûne rekke. In rydstrook fan de twabaansdyk hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)