Minder smjunten troch minne briedjierren

25 des 2015 - 09:49

It tal smjunten nimt hieltyd mear ôf. Sûnt 2002/2003 binne der stadichoan minder teld, blykt út tellingen fan Sovon Vogelonderzoek en it CBS. Oarsaak is ûnder mear de klimaatferoaring, wêrtroch't de smjunt op oare plakken oan it oerwinterjen is. Mar ek briedt de wetterfûgel mei minder sukses trochdat de briedperioade kâlder en wieter wurden is.

Oare gersitende wetterfûgels, lykas guon soarten guozzen, binne krekt yn tal tanommen trochdat gerslân yn de winter hieltyd faker as boarne fan iten beskikber is.

Trefwurden: 
smjunt SOVON
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)