Mear stellerij mei de krystdagen: fiif tips tsjin ynbrekkers

24 des 2015 - 21:30

De plysje warskôget minsken om mei de feestdagen ekstra wach te wêzen foar ynbrekkers. De ôfrûne wiken ha der al ferskate ynbraken west. Dêrby binne benammen sieraden stellen. En de ôfrûne jierren waard der mei de krystdagen in protte ynbrutsen.

De plysje advisearret minsken dy't net thús binne om derfoar te soargjen dat it hûs der bewenne útsjocht. Bygelyks troch de ljochtsjes yn de krystbeam brâne te litten. En minsken dy't wat fertochts sjogge, moatte fuortendaliks 112 belje.

Fiif tips om ynbrekkers te kearen

1. Doch de doar goed op slot.
De measte ynbraken binne yn goedkeapere (hier)wenningen. Dêr is it hing- en slútwurk faak fan mindere kwaliteit. In goed slot hâldt ynbrekkers bûten de doar, de measten jouwe it op as se nei in pear minuten net binnen binne. Mar lit de kaai net yn de doar sitte. En bewarje 'm ek net op in geheim plakje bûtendoar, ûnder in blompot of doarmatte of sa. Ynbrekkers witte se altyd te finen!  

2. Hâld de ynbrekkers foar de gek. 
As in ynbrekker tinkt dat der minsken yn 'e hûs binne, sil er lang sa gau net nei binnen ta gean. Dus is it goed om in lampe oan te dwaan. Of om de krystljochtsjes brâne te litten. (Tink der dan wol om dat dit soms ek brângefaar opsmite kin!) Mooglik kinne de buorlju hjir ek by helpe, se kinne de post út de bus helje, en de gerdinen sa no en dan iepen en ticht dwaan. 
 
3. Wês foarsichtich op Facebook.
It is fansels machtich om de foto's fan de wintersportfakânsje of de trip nei New York fuortendaliks online te dielen mei safolle mooglik freonen. Mar foardat je it witte, komme se ek oaren ûnder eagen. En dy ha net persé allegearre goede bedoelingen. As in ynbrekker online sjen kin dasto yn it bûtenlân bist, wêrom soe er dan net even by dyn hûs del gean?

4. Deiljocht keart ynbrekkers net.
Al soene je it miskien sa gau net sizze, de measte ynbraken binne oerdeis. Mar 13 persint fan de ynbraken fynt nachts plak. Oerdeis kin in ynbrekker maklik sjen wêr't in rútsje iepen stiet. En oerdeis sitte doarren faak net op slot. Let dêr dus ek op, benammen oan de achterkant fan it hûs. Want ynbrekkers wolle fansels ek oerdeis it leafst net sjoen wurde.  

5. Meitsje it net te maklik.
De measte ynbrekkers binne gelegenheidsynbrekkers. Santich persint fan de ynbrekkers riedt hast neat ta. Mar as se in kâns sjogge, dan gripe se him. Dus lit gjin ljedder yn de tún lizze, lis gjin laptop yn de finsterbank, en bewarje sieraden en portemonnees net yn it sicht.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)