Kearskes brâne by oarlochsgrêven yn Fryslân

24 des 2015 - 19:02

Op in soad plakken yn Fryslân binne op krystjûn kearskes pleatst op oarlochsgrêven. It giet om in inisjatyf fan Burgumer Dick Jansen, dy't ek aktyf is by Keep them Rolling. Jansen hearde dat op it oarlochsbegraafplak yn Holten op krystjûn al 25 jier by alle grêven in kearske oanstutsen wurdt en tocht it ôfrûne wykein: dat kin op mear plakken. Hy pleatste op Facebook in oprop om it foarbyld fan Holten oer te nimmen.

De oprop sloech oan, want op krystjûn binne op mear as hûndert plakken yn Nederlân kearskes pleatst by oarlochsgrêven.

Dick Jansen naam sels it begraafplak by de Burgumer Krústsjerke foar syn rekken. Yn Burgum binne fiif Commonwealth War Graves. Ek it grêf fan plysjeman Andries Wagenaar waard fan in kearske foarsjoen. Wagenaar wegere om mei te wurkjen oan de joadeferfolging, waard arrestearre en kaam yn Mauthausen om in libben.

In nije tradysje?

Jansen fynt krystjûn in gaadlik momint om omtinken te jaan oan de oarlochsgrêven. Hy hopet dat de spontane aksje fan dizze wike útgroeit ta in nije tradysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)