Plysje siket tsjûgen fan mishanneling op It Hearrenfean

24 des 2015 - 17:22

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in mishanneling yn it útgeansgebiet fan It Hearrenfean. By in hoarekasaak op de Oude Koemarkt waard yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 46-jierrige man mishannele troch in oare man.

It slachtoffer rekke ferwûne oan it gesicht. Der wienen ferskate minsken op strjitte doe't it barde. De plysje wol graach mei dizze minsken yn kontakt komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)