Premjêre fan Fryske opera Rjochter & Sjuery giet net troch

24 des 2015 - 17:12

De premjêre fan de Fryske opera Rjochter & Sjuery dy't ein dit jier plak fine soe yn it Ljouwerter Tresoar, giet net troch. Inisjatyfnimmer en dirigint Tjalling Wijnstra kin de finansiering fan it projekt net rûnkrije. Wijnstra neamt dat spitich omdat syn foarige produksje, de opera Keapmanskeunsten, yn 2014 in grut sukses wie en rûnom positive reaksjes krige. 

Foar Rjochter & Sjuery wienen al tal fan profesjonele meiwurkers oanlutsen. Njonken in koar fan 35 man soarge komponist en muzikant Peter Sijbenga foar de Fryske oersetting fan de oarspronklik Ingelske opera Trial by Jury en tekene Janneke de Haan foar de regy. Tjalling Wijlstra sil no alles op alles sette om de opera takom jier wol op 'e planken te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)