Keatsclinic foar asylsikers yn it WTC yn Ljouwert

24 des 2015 - 16:14

Asylsikers kinne kommende snein in keatsclinic folgje by it 'indoor straatkaatsen'-toernoai yn it WTC yn Ljouwert. Foarich jier wie dat toernoai yn de Friezenhal, mar dit jier moasten de keatsers útwike nei de Frankenhal, omdat der sa'n 350 asylsikers yn de Friezenhal sitte. Dat brocht de keatsers op it idee om wat foar de asylsikers te dwaan.

De clinic sil jûn wurde troch keatsers út de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)