Animal Inside Out hjit 50.000ste besiker wolkom

24 des 2015 - 15:32

De eksposysje Animal Inside Out yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert is noch suksesfoller as it museum yn it foar tocht hie. Tongersdei stapte de 50.000ste besiker it museum yn, wylst se dêr fan tefoaren tocht hienen dat der sa'n 30.000 minsken op ôf komme soenen. Neffens it museum is Animal Inside Out de grutste en spektakulêrste tentoanstelling dy't se dêr ea hân ha, yn de 93 jier dat it museum bestiet.

De tentoanstelling lûkt net allinne losse besikers, d.er is ek in rekôrtal skoallen op ôfkaam.
 

Ornaris binne dat benammen basisskoallen, mar no komme der ek in protte learlingen fan middelbere skoallen, en studinten fan hegeskoallen en universiteiten nei it museum. Yn totaal wienen dat dit jier 11.000 learlingen, en dat is in ferdûbeling yn fergeliking mei 2014.

Oant en mei 3 jannewaris

De tentoanstelling fan tal fan ferstoarne, konservearre bisten dy't minsken ûnder de hûd sjen kinne, rint noch oant en mei 3 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)