Frachtweinsjauffeur rekket ferwûne by ravaazje op A7

24 des 2015 - 12:17

In frachtweinsjauffeur hat tongersdeitemoarn in ravaazje oanrjochtte op de A7 by Terwispel. Hy ried fan Drachten rjochting It Hearrenfean en rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei syn frachtweinkombinaasje fan de dyk. Foardat er yn de berm ta stilstân kaam, knalde er tsjin meardere ferkearsbuorden oan.

De sjauffeur rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In automobilist dy't achter de frachtwein ried, krige in ferkearsboerd op 'e auto. Hy kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)