Fandalen litte spoar fan fernielings efter yn Wynjewâld

24 des 2015 - 11:47

Oan de Merkebuorren yn Wynjewâld binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei meardere saken fernield. It giet ûnder oaren om it ynformaasjeboerd fan de gemeente. Yn de plattegrûn op it boerd is in heakkekrús ynbaarnd.

By de Spar yn it doarp is in brievebus opblaasd, nei alle gedachten mei fjoerwurk. Letter op 'e jûn binne ferskate foarwerpen fûn op it dak fan de supermerk, lykas flaggen. Foar de winkel waarden twa fytsen oantroffen. Mooglik binne dy dêr achterlitten troch de dieders.

De plysje is op syk nei tsjûgen en ek nei de eigeners fan de fytsen.

Trefwurden: 
fernielings Wynjewâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)