Ploech Wüst en De Jong hat in nije haadsponsor

24 des 2015 - 08:50
  • De riders fan Team4Gold mei direkteur Rogier van Ewijk
  • Ireen Wüst en Koen Verweij mei direkteur Rogier van Ewijk

Reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat in jildsjitter fûn foar har nije ploech. It bedriuw Justlease.nl is fan de kommende NK ôfstannen ôf de haadsponsor. Wüst is bliid en ferromme, seit se. Wüst rjochtte yn april har eigen reedrydploech op. Team4Gold begong sûnder haadsponsor.

Oan dy syktocht is no dus in ein kaam. Justlease.nl bliuwt foarearst de haadsponsor oant de ein fan dit seizoen. In ferfolch oant en mei de Winterspelen yn 2018 fan Pyeongchang leit foar de hân.

Direkteur Rogier van Ewijk seit dat it net de yntinsje fan it bedriuw is om der nei dit seizoen al wer út te stappen. Justlease.nl rjochtet him op de partikuliere merk foar lease-auto's. 

NK ôfstannen

Ireen Wüst pakt snein by de NK ôfstannen yn Thialf de kompetysje wer op. Earder wist se har net te pleatsen foar de earste fjouwer wrâldbekers fan dit seizoen. 

Antoinette de Jong

Ek Antoinette de Jong fan Rottum rydt by Team4Gold. "It is hartstikke fijn dat der in sponsor is. Dat jout rêst." De Jong nimt it goede gefoel oer de nije sponsor mei nei de NK ôfstannen, dy't snein úteinsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)