Kollum: "De wûnderbaarlike genêzing"

24 des 2015 - 08:32

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Dêrneist presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"As earste wol ik jim noflike feestdagen en in sûn 2016 tawinskje. Dat is sa’n dooddoener oan de ein fan in kollum, dus dan earst mar.

It ferhaal: Ik ha in hekel oan bân oppompen. Neffens my liket it ek frijwat ûnnoazel as je nei ien sjogge dy’t mei in fytspomp yn de slach is. Ik krij der wat in Drs P. gefoel by. Heen en weer wurdt dan op en neer, sis mar. Lokkich ha se tsjintwurdich kompressors dy’t dit wurk fan je oernimme kinne.

Hielendal handich as je in pear pubers thús ha dy’t sa no en dan freondinnen útnoegje om in nacht by harren op de keamer te sliepen. Witte jim wol hoefolle lucht der yn sa’n luchtbêd moat? ‘Wol heit it luchtbêd wol oppompe?’ Jim sille it grif werkenne. No, dat wol ik dan wol dwaan, mar ik lit it leaver oan myn Airpress kompressor oer. Dat is reklame. Sorry, ik sil dy namme net wer neame.

Ik ha al hiel lang in hekel oan bân oppompen. Doe’t ik noch gjin jild hie om in kompressor fan it merk piiip te keapjen, ha ik sels ien makke. Sa hiele dreech is dat net, je moatte wat nifelje kinne mei in fleks, laskapparaat en in izerseage, jo ha in tank nedich, bygelyks fan in LPG tank, in pear oanslutings en in motor fan in kuolkast of frieskiste. Ja, dy bouwe ek druk op. Foar de begjinnende bânoppomphater is dat in prima alternatyf. Ik ha jierren genot fan myn eigenmakke merkleaze kompressor hân.

Mar doe krige ik in hobby. Alde trekkers opknappe fan it merk Mc Cormick. As de motor, de remmerij en de ferljochting it allegearre die, moast de âlde, skansearre lak skjirre en ferfongen wurde troch in nije prachtich Cormick reade kleur. Dat dienen jo net mei in kwast, mar mei in fervespuit. En dy frege gâns mear lucht dan in fytsbân. Dus siet der neat oars op dan in djipte ynvestearring te dwaan yn de foarm fan in kompressor fan it merk dat ik al earder fuortpipe ha. Wat in prachtich ding. Hy blaasde merakels.

Foar it wurk nim ik him ek altyd mei, want de kroade en de ridende baar op it hôf yn Drachten ride ek op luchtbannen. Ideaal. Oant in wike as twa lyn. Doe wie der grut maleur, ik soe in luchtbêd oppompe en kaam der efter dat de kompressor noch yn myn bus stie. Mei de druk op nul komma nul bar. Gjin probleem, jo stekke de stekker yn de stroom en hupsakee, daliks lucht by de rûs. Eh, dizze kear net. Der siet gjin leven yn myn bân cq luchtbêd oppomper fan it merk piiip.

Nei in tel as tsien begûn it ferfaarlik nei ferbaarnde elektromotor te rûken, dus ferklearre ik de pasjint mar as overleden. Spitich, mar alles hat syn tiid en myn trouwe kompressor dus skynber ek. Ik ha sa’n hekel oan bân oppompen dat ik daliks efter de komputer sitten gien bin en in nije besteld ha, dizze kear in knalgiele Stanley. Oeps... sorry. Hoe dan ek, ik koe wer fierder. Wurket ek wer prima.

Omdat wy tige fan it miljeu en ek wol fan it hergebrûk binne, tocht ik djip nei oer in nije bestimming foar myn dierbere mar helaas ferstoarne kompressor. En ik seach it ljocht. Sa’n tank is fansels tige geskikt as terraskachel. Jo flekse der in gat yn, laskje der in pipe op en poat ûnder en baarne mar. It wurdt dochs gjin winter en neffens Pyt moatte wy mei de kryst bûtendoar sitte, dus is in ekstra kacheltsje dan tige sfearfol.

Ik helle de plestik kape fan de overleden kompressor ôf en soe de fleks der yn sette om de motor en alle oare oerstallichheden te ferwiderjen. Dochs in bytsje mankelyk draaide ik noch in kear om nostalgyske redenen oan de fentilator. En doe foel der wat op de flier. Ien fan de fjouwer bouten dêr’t de motor mei op it chassis fêst siet. Dy wie tusken de fentilator en de flierplaat sketten. En ja, dan wol sa’n ding fansels net úteinsette. Ik stuts de stekker yn de stroom en ja hear, dêr toffele myn dierbere en dus net overleden kompressor wer hinne.

No ha ik dus twa. En eins falt sa alles wer op syn plak. Want ik wol yn desimber hielendal net bûtendoar sitte by in terraskachel. Ik wol winter. Mei snie en iis. En poeiermolke." 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)