Wethâlder Boon fan Harns fernuvere oer dioksine ôffaloven

23 des 2015 - 21:57

Wethâlder Harry Boon fan Harns hie net tocht dat it sa misgean koe by de Reststoffen Energie Centrale (REC), better bekend as de Harnzer ôffaloven. Dizze wike waard bekend dat der yn oktober ynienen folle mear dioksine frijkaam wie by de oven. Der wurdt noch ûndersocht of dy mjitting doocht en hoe't dit barre koe.

Boon wachtet dêr ek noch op. Foar de wethâlder binne twa saken wichtich; de folkssûnens fan de Harnzers mei net yn gefaar komme en it bedriuw moat binnen de noarmen yn de miljeufergunning wurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)