It net baggerjen fan It Westgat kostet Lauwerseach jild

23 des 2015 - 20:30

De haven fan Lauwerseach ferliest omset troch it net baggerjen fan It Westgat. Dat docht bliken út twa ûndersiken fan de gemeente De Marne. De problemen mei it far soargje derfoar dat der minder skippen nei de haven komme. Dêrtroch rinne fiskers, leveransiers en it havenbedriuw sels ynkomsten mis.

De provinsje Grinslân, de gemeente De Marne, Rykswettersteat en de ûndernimmers yn de haven hawwe no besletten om it ûndersyk nei de gefolgen út te wreidzjen. Ek tsjinje se in oanfraach yn by It Ryk foar it baggerjen fan It Westgat.

As alles goed giet, kin der yn fjouwer moannen in beslút lizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)