Krûdhúske yn De Skâns wurdt opknapt mei jild fan provinsje

23 des 2015 - 17:03

Ynwenners fan De Skâns binne bliid dat it krûdhúske út it doarp in opknapbeurt kriget. It húske waard yn de tiid fan Napoleon brûkt foar opslach fan buskrûd en stiet der al jierren fertutearze by. It stiet by de seedyk en wurdt no opknapt foar in bedrach fan 30.000 euro fan de provinsje Fryslân. 

De provinsje stelt mei-inoar sa'n 2,5 miljoen euro beskikber foar ferskate monuminten yn Fryslân. Dat binne bygelyks ek tsjerken yn ûnder oare Suwâld, Finkegea en Terkaple en in tal pleatsen yn Dronryp, Oentsjerk, Pitersbierrum en Rie.

Skipswerf De Helling fan De Jouwer en it suvelfabryk yn Achlum wurde ek opknapt. Yn totaal krije sa'n 33 monuminten yn Fryslân subsydzje. It Cultuurfonds voor Monumenten Fryslân krijt 500.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)