Hast 10 miljoen winst yn 2015 foar SC Hearrenfean

23 des 2015 - 15:01
  • Abe Lenstra stadion

Fuotbalklup SC Hearrenfean hat yn 2015 in winst fan hast 10 miljoen euro makke. Dat stiet yn it jierferslach dat woansdei publisearre is. It bedrach is taheakke oan it eigen fermogen, dat no útkomt op goed 22 miljoen. Grutste reden fan de winst fan SC Hearrenfean wie de ferkeap fan spilers lykas Bilal Basacikoglu, Alfred Finnbogason, Daley Sinkgraven en Hakim Ziyech. Oars hie de klup yn de reade sifers einige.

In part fan de ferkeapopbringst is ek wer brûkt foar de oankeap fan nije spilers.

Fierder meldt SC Hearrenfean dat de sponsoropbringsten wat weromrûn binne. Op basis fan de sifers ferwachtet SC Hearrenfean ek dit jier yn kategory 3 fan de KNVB te kommen. Dit is de groep foar klups dy't it finansjeel goed op oarder hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)