Partij voor de Dieren is lilk op reisburo's om jachtreizen

23 des 2015 - 14:57

De fraksje fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân is lilk op bûtenlânske reisburo's lykas GetDuck.com. De buro's ferkeapje reizen oan jagers, om yn Nederlân op guozzen te jeien. De partij wol fan de provinsje witte of dat ek yn Fryslân it gefal is. 

Mocht dat sa wêze, dan moat der fuortendaliks in ein makke wurde oan dizze trofeejacht, sa fynt de fraksje. Neffens fraksjefoarsitter Rinie van der Zanden wurdt de jacht yn Fryslân hieltyd ekstremer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)