Tûzenste befalling yn sikehûs Nij Smellinghe

23 des 2015 - 14:30

Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wie woansdei de tûzenste befalling fan it jier. Poppe Lieke waard oan de ein fan 'e moarn op 'e wrâld holpen. It is foar it twadde jier op rige dat der yn Nij Smellinghe yn in jier tiid 1000 befallings binne, yn 2013 siet it sikehûs noch krekt ûnder dy grins.

Nij Smellinghe wol de soarch foar memmen en poppen útwreidzje. In pear jier ferlyn is al begûn mei thúsmonitoaring. Dêrmei kin it sikehûs yn guon gefallen op ôfstân takomstige memmen en de noch net berne poppe yn 'e gaten hâlde.

Takom jier krijt it sikehûs twa spesjale gesinskeamers derby. Memmen en poppen, dy't beiden ekstra soarch nedich hawwe nei de befalling, kinne dêr ferbliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)