Woansdei gjin sneltsjinsten nei Flylân

23 des 2015 - 13:32

Fanwege de hege golven ferfalle woansdei de sneltsjinsten nei Flylân. Gewoanwei fart dy snelboat op 'e neimiddei. As ferfanger wurdt no de gewoane tsjinst ynset. Dy fart om 17.00 oere fan Flylân en om 19.00 oere út Harns.

Rederij Doeksen lit ek witte dat der op earste krystdei in ekstra sneltsjinst nei Skylge fart. Dy set om 12.00 oere ôf fan it eilân en om 13.00 oere yn Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)