'Afvaloven Nee' wol dat de ôffaloven Harns stillein wurdt

23 des 2015 - 12:50

De ôffaloven yn Harns moat per direkt stillein wurde. Dat seit Hans Gilessen fan de stichting Afvaloven Nee. De stichting is hiel bot skrokken fan de grutte oerskrieding fan de noarmen foar dioksine yn oktober by de ôffaloven. Tagelyk is it neffens Gilessen in befêstiging dat de oven net doocht.

Neffens direkteur John Vernooij fan eigener Omrin wie der sprake fan in steuring en soe de útstjit yn novimber al wer folle leger wêze as yn oktober. De oven hoecht wat him oanbelanget dan ek net ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)